Hússiking yn Burgum

© Omrop Fryslân
Yn Burgum hat de plysje in hússiking dien yn ferbân mei in drugssaak yn Amsterdam. Twa housepartybesikers fûnen dêr de dea nei in oerdosis pillen.
De plysje trof softdrugs, xtc-pillen, stoffen om pillen fan te meitsjen en twa fjoerwapens oan. Earder al binne fetten mei xtc-ôffal yn de provinjse fûn. Underwilens binne fjouwer mannen yn de saak oanhâlden.