Simmerkofferkes bliuwe stean

© Omrop Fryslân
Der is net folle belangstelling foar de Simmer 2000-kofferkes. Op 'e gemeentehuzen bliuwt mear as de helte stean, op guon plakken sels trijefjirde part.
Neffens de Simmer-organisaasje spilet mei dat guon gemeenten, lykas Boarnsterhim en Smellingerlân, net meidogge. Soks jout ûndúdlikens by de emigrant. De organisaasje besiket de kofferkes no by de eveneminten sels te sliten.