Duo oppakt yn Appelskea

© Omrop Fryslân
Yn Appelskea binne tongersdei in man en in frou oanhâlden, omdat hy mei drank op achter it stjoer siet en omdat sy de arrestaasje tsjinhâlde woe. In motorplysje kontrolearre de harren op de Eikenstrjitte en seach in blik bier op it dashboard stean. De man hie gjin rydbewiis en hie ek noch boetes. De motorplysje frege om in auto om de fertochte op te heljen.
Wylst se dêrop wachten, woe de fertochte útnaaie. De plysjeman koe him net keare, omdat de freondinne fan de man har der ek mei bemuoide. De man waard even letter fûn yn tún.