VVN: Alden jouwe bern ferkeard foarbyld yn it ferkear
Alden binne net genôch op 'e hichte fan de ferkearsregels en jouwe dêrom faak in ferkeard foarbyld oan de bern. Saken dy't âlden geregeld ferkeard dogge binne bygelyks troch read ride, te hurd ride of gjin rjochting oanjaan. Ek op de fyts hâlde se har faak net oan de regels.
Dat docht bliken út ûndersyk fan Veilig Verkeer Nederland. Ut in lytse stekproef fan de omrop docht bliken dat Fryske âlden ek net altyd op 'e hichte binne fan de goeie ferkearsregels. Dêrtroch is 30 prosint fan de bern wolris benaud yn de auto of op de fyts.
Tongersdei docht groep 7 fan in soad basisskoallen ferkearseksamen. As âlden sels it ferkearseksamen dwaan moatte, ferwachtet goed 90 prosint dat se dêr wol foar slagje. Yn de praktyk soe op syn meast 75% it eksamen helje.