Drachtster net ferfolge foar deadlik ûngelok

© Omrop Fryslân
In 28-jierrige man út Drachten wurdt net langer ferfolge foar in deadlik ûngelok op de A7 yn 2012, meldt RTV Noord. By dat ûngelok kaam in âldere autobestjoerder om it libben nei in botsing mei in kraan. De Drachtster wie destiids as útfierder ferantwurdlik foar de wurksumheden oan de dyk en sadwaande ek foar de kraan.
De reden dat de man net ferfolge wurdt, is bysûnder: in jier nei it ûngelok rekke de Drachtster sels swierferwûne nei in ûngemak mei de motor. Hy rûn dêrby bliuwend harsenletsel op.
It Iepenbier Ministearje hat sels frege om de saak gewurde te litten. De rjochtbank is dêryn meigien.