Open Stal Aldeberkeap pakt grut út yn 2018

© Youtube
Open Stal yn Aldeberkeap pakt grut út yn 2018, it jier fan de Kulturele Haadstêd. Yn dat jier binne de eveneminten ek bûten de jierlikse moanne fan Open Stal om en is der ek omtinken foar dûns, muzyk, literatuer, teater en natuer.
Ut Europa wurde 'artists in residence' noege om yn Aldeberkeap oan har projekt te wurkjen. Ek komme der projekten dy't mei de befolking dien wurde. Yn de oanrin nei 2018 wurde in pear grutte keunstwurken yn en om it doarp makke.
Open Stal organisearret al sûnt 1971 alle jierren in keunstrûte oer tal fan plakken dêr't wurk fan sa'n fyftich byldzjend keunstners te sjen is. It keunstevenemint stelt no earst in artistyk en saaklik direkteur oan foar it fierder útwurkjen fan plannen foar dit barren. Der sil omtinken wêze foar ynternasjonale gearwurking, ecology, ûndernimmerskip en mienskip.