Fytser swier ferwûne by oanriding yn Easterwâlde

R.Koene © Compact Media
Yn Easterwâlde is in 93-jierrige man út dat plak sneontemiddei swier ferwûne rekke by in ûngelok op de N381. De man woe by de Duistereweg op syn elektryske fyts de dyk oerstekke en seach in 65-jierrige automobilist út Dokkum oer de holle. De fytser waard oanriden en foel. Mei ferskate breuken is er nei uit sikehûs brocht.