Ljouwerter slacht freondinne mei bierflesse op de holle

© ANP XTRA
De plysje hat freedtejûn op de merke op it Cambuurplein yn Ljouwert in 21-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden. De man soe syn 16-jierrige freondinne mei in bierflesse op 'e holle slein hawwe. Dy rûn dêrby ferwûnings op.
De man fersette him bot by syn oanhâlding mar is likegoed meinaam nei it plysjeburo.