Marit Bouwmeester yt mei Kening Willem-Alexander

Marit Bouwmeester pakt it goud op it WK © ANP
Marit Bouwmeester fan Warten hat freedtemiddei te iten west by Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima. Dat lit de sylster witte op Twitter. Se wie ien fan de 28 útblinkers, dêr't it keningspear mei lunsjt hat op palein Noordeinde yn Den Haach. Willem-Alexander en Máxima dogge dat ien kear yn it jier.
Foar it itentsje wurde minsken útnoege dy't har ûnderskieden ha op it terrein fan kultuer, sport, media, wittenskip, polityk en bedriuwslibben.