Iepen dei yn wensoarchkompleks Offingaburg yn Hallum

Wensoarchkompleks Offingaburg yn Hallum hâldt freed iepen dei om mear bewenners te lûken. Offingaburg bestiet sunt 2008 en telt 12 apparteminten. It gebou wûn yn 2010 de Vredeman de Vries priis foar arsjitektuer. Mar eigener Wonen Noordwest Friesland krijt de apparteminten net fol.
Sûnt in jier hat de korporaasje in kontrakt mei soarchoanbieder Idesta. De apparteminten binne bedoeld foar pasjinten dy't yntensive soarch nedich hawwe lykas deminte bejaarden. Om it gebou fol te krijen, wurdt it no ferboud.
Alle fasiliteiten binne achter de foardoar pleatst sadat ek oaren de apparteminten hiere kinne. De ferbou moat yn maaie klear wêze.