Fûgelwachters Rottumereach dizze simmer yn tinte

De fûgelwachters op Rottumereach wurde dizze simmer ûnderbrocht yn tinten. Oant desimber 2013 stie der op it ûnbewenne eilantsje in houten ûnderkommen, mar dat moast ôfbrutsen wurde fanwege de oprukkende see. Neffens Steatsboskbehear is it net ferantwurde om wer in fêst gebou del te setten.
As alternatyf wurde twa grutte tinten delset, dêr't de fûgelwachters fjouwer moanne yn ferbliuwe kinne. Neist dat se fûgels telle, hâlde de fûgelwachters ek goed yn 'e gaten dat boatsjefarders de natuer op it eilantsje net fersteure.