Oosterman: "deadlik ûngelok hat grutte ympakt op Appelskea"

De dea fan twa jonges fan 18 by in ûngemak op de Appelschasewei, hat grutte ympakt op de ynwenners fan Appelskea. Dat seit boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf. Sneontenacht fleach in auto út de bocht op de dyk by it Drintske Wateren, flakby Appelskea.
By it ûngelok foelen twa deaden: de bestjoerder út Smilde en in 18-jierrige jonge út Appelskea. De twa oare ynsittenden fan de auto, in 17-jierrich famke en in 19-jierrige jonge beiden út Appelskea, rekken ferwûne.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat de jonge dy't de auto bestjoerde, gjin rydbewiis hie.