Trije minsken ferwûne by ûngelok yn Ljouwert

By in ûngelok op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert binne moandeitejûn trije minsken ferwûne rekke. De botsing ûntstie doe't in auto fan de Grinzerstrjitwei ôf de Feestrjitte ynride woe. In auto dy't op de oare rydbaan ried, botste der boppe-op.
Alle trije slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De Grinzerstrjitwei wie troch it ûngelok in skoft ôfsletten.