Agressive Gordykster mei stikkene noas swier ûnder ynfloed

© ANP XTRA
In 26-jierrige man út De Gordyk is peaskemoandei, de moarns tsjin healwei njoggenen, oanhâlden op it Nijlân yn syn wenplak. De man wie swier ûnder ynfloed fan drank en drugs en hy hie in stikkene noas. Hy wie boppedat poerlilk op omstanners, ambulânsemeiwurkers en de plysje.
De man is meinaam nei it plysjeburo yn Drachten. Hy moat earst ûntnochterje en sil dernei heard wurde.