Man út de tiid slein by fjochterij yn Drachten
In 18-jierrige jongeman út Easterwâlde is yn de nacht fan snein op moandei yn Drachten oanhâlden. Hy krige op de Noardkade rûzje mei in groepke mannen en begûn te slaan. Ien fan de mannen rekke dêrby út de tiid. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de fjochterij.