Oranje wint goud op WK kuorbal ûnder 19 jier yn Ljouwert

De kuorballers fan Nederlân ha snein goud wûn op it offisjeuze WK foar spilers ûnder de 19 jier. Yn de finale wie Oranje nei in rêststân fan 7-5 úteinlik mei 19-13 te sterk foar België. De iennige Friezin by Oranje, Marloes Frieswijk fan Wolvegea, wie bysûnder op dreef mei tal fan ûnderskeppingen en fjouwer doelpunten. Sineesk Taipei waard tredde troch mei 16-13 te winnen fan Hongarije. Der dienen trettjin lannen mei yn Ljouwert, Nij-Seelân makke har debút op dizze 20e edysje fan dit WK.