Dronken Lemster is agressyf by oanhâlding

Plysjes hawwe sneontenacht in 31-jierrige Lemster oanhâlden yn syn wenplak. De man hie spul mei in famyljelid en wie behoarlik agressyf. By syn oanhâlding fersette er him en misledige er de plysjes. De fertochte wie dronken. Op it buro is er fêstset foar ferhoar.