Omrop-TIP: de Sneon yn Fryslân Kevermeeting

© Omrop Fryslân
It peaskewykein is by Omrop Fryslân Nostalgywykein. Dêrom stiet ek Sneon yn Fryslân yn it teken fan de jierren '70 en yn it bysûnder de Volkswagen Kever. Sneontemiddei stiet it parkearplak fan Omrop Fryslân iepen foar alle soarten en maten kevers en keverbuskes. Presintatrise Diana de Groot giet op syk nei de moaiste keverferhalen. Publyk is fan herte wolkom om de auto’s te besjen.
Sneon yn Fryslân begjint om 13:00 oere is net allinnich op de radio te hearren. It programma is ek op televyzje te folgjen.
Ek peaskesnein en peaskemoandei steane yn it teken fan it Nostalgywykein. Sa is it yn Snein yn Fryslân fan 13:00 oere ôf de gouden finylmiddei. Harkers kinne nei de studio komme mei eigen singletsjes út de jierren '70. Op peaskemoandei tusken 13:00 en 18:00 oere de Top 50 fan de jierren '70.