Jirnsum krijt hegere brêge yn Grousterdyk

De jachthaven fan Jirnsum © Google Street View
It doarp Jirnsum kriget in nije, hegere brêge yn de Grousterdyk. It foarwurk dêrfoar is freed úteinset mei it ferlizzen fan kabels en liedings. Nei de simmer wurdt de âlde brêge sloopt. Dan begjint de bou fan de nije brêge. Dy krijt in trochfarhichte fan 2 meter 50. De provinsje wol sa de rekreaasjefeart nei Jirnsum befoarderje.
De nije brêge moat maart 2016 klear wêze. Under de bou sil it ferkear regele wurde mei ferkearsljochten. Sa bliuwe de doarpen Grou en Jirnsum goed berikber.