Brânwacht takelet hynder út de sleat by Akkrum

Mei help fan in trekker waard it hynder út de sleat lutsen © Alex Zwart
Yn it bûtengebiet fan Nes by Akkrum hat de brânwacht freedtemoarn betiid in hynder út de sleat lutsen. It bist koe der net mear op eigen krêft útkomme. De brânwacht hat spanbannen om it hynder dien en it bist mei help fan in trekker op de wâlskant lutsen.
It bist hat, foarsafier bekend, gjin skealike gefolgen oan it aventoer oerhâlden.