Jopie Huismanmuseum nei grutte opknapbeurt freed wer iepen

Nei in grutte opknapbeurt kinne minsken fan freedtejûn ôf wer te plak yn it Jopie Huismanmuseum yn Warkum. Sûnt jannewaris ha boufakkers dwaande west mei it ferpleatsen fan it kafee en it meitsjen fan in nije eksposysjeromte.
De útstalling sels is ek feroare. Sa wurdt folle better dúdlik wêr't Jopie Huisman foar stie, lykas it op 'e nij brûken fan materialen. De opknapbeurt hat 4 ton koste. It museum wurdt offisjeel iepene troch kabaretier Freek de Jonge.