Eask 18 moanne selstraf yn oanridingssaak Sint-Nyk

De offisier fan justysje hat achttjin moanne selstraf easke tsjin de frou (58) út Sint-Nyk dy't yn augustus ferline jier mei opsetsin twa jonges oanried. De frou soe boppedat trije jier lang net autoride meie. De frou kaam ta har die, omdat de jonges geregeld har hûnen narren, sa ferklearre se tongersdei foar de rjochtbank. De frou makke in oansleine yndruk foar de rjochtbank. Se neamt har eigen gedrach achterôf 'bizar'.
De oanriding sels hat se net mear krekt foar de geast, wol de skrik doe't se seach dat de jonges op de grûn leine.
Ferskate tsjûgen ferklearren foar de rjochtbank dat de frou hurd ried en net remme om it ûngelok te foarkommen. De heiten fan de slachtoffers kamen mei in slachtofferferklearring. Ien fan de slachtoffers rekke swier ferwûne en rekke as gefolch fan it ûngelok blyn oan ien each. Syn libben is foar altyd feroare. Op de rjochtsaak waard ek dúdlik dat de man fan de frou by har yn de auto siet doe't it ûngelok barde. De frou hie der op út west om de jonges klem te riden en oan te sprekken op harren gedrach. Achterôf fynt se dat de aksje net moatten hie.