Gangsterduo krijt 16 en 12 jier selstraf

Antonio van der P. en Enise B., better bekend as it 'gangsterduo', hawwe tongersdei lange finzenisstraffen krigen. Sy lutsen begjin ferline jier in spoar fan geweld troch Nederlân. Antonio fan De Harkema moat sechstjin jier sitte, syn freondinne Enise tolve jier. De rjochter fynt poging ta deaslach, stellerij mei geweld, swiere mishanneling en ôfparsing allegearre oantoand.
Antonio en Enise binne neffens de rjochter beide folslein tarekkeningsfetber. By de útspraak yn Assen wie it gangsterduo sels ôfwêzich.
De slachtoffers hawwe mei-inoar rjocht op in ton oan skeafergoeding. De rjochter sei yn syn útspraak noch wol dat Antonio in grutter oandiel hie yn de strafbere feiten as Enise. De twa sloegen yn febrewaris 2014 ta yn Echten yn Drinte, Meppel, Lage Mierde yn Brabân en op twa plakken yn Enschede. It Iepenbier Ministearje easke begjin maart 16 jier selstraf tsjin Antonio en 14 tsjin Enise.