Unbekend hoefolle skeafergoeding as Vaatstra's easkje

It bliuwt foarearst ûndúdlik hoefolle jild de mem, bruorren en sus fan de fermoarde Marianne Vaatstra easkje as skeafergoeding fan Jasper S. Dat die woansdeitemiddei bliken by de rjochtsaak yn Ljouwert.
De advokaat fan de famylje wol earst dat de rjochter fêststelt oft de famylje rjocht hat op in fergoeding. Dêrnei kin yn in aparte proseduere fêststeld wurde hoe heech as de fergoeding wurde moat. Heit Bauke Vaatstra krige earder 43.000 euro skeafergoeding fan de ta 18 jier selstraf feroardielde moardner Jasper S.