Histoaryske dei: molkkwotum is nei 31 jier ôfskaft

Dizze woansdei is in histoaryske dei foar de suvelsektor. Nei 31 jier bestiet it molkkwotum net langer. Dat kwotum waard ea ynsteld om in bûterberch en in molkplasse foar te kommen. De beheinde produksje fan molke bestiet net langer en dêrtroch kinne melkfeehâlders tenei ûnbeperkt molke produsearje.
De priis fan molke wurdt no bepaald op de ynternasjonale merk. In grut tal boeren hat nije of gruttere stâlen boud en mear kij kocht of oernaam.
Saakkundigen ferwachtsje dat de fraach nei suvelprodukten ynternasjonaal de kommende fiif jier mei sa'n 20 persint tanimt.