Harnzer gjin fertochte mear fan ynvestearringsfraude

© Shutterstock
In 39-jierrige Harnzer dy't troch de plysje fertocht waard fan ynvestearringsfraude is no út byld as fertochte. Hy hie tegearre mei in 69-jierrige man út Assen plannen foar it iepenjen fan in fakânsjepark yn Dútslân. In partikuliere ynvestearder stelde 150.000 euro beskikber en betelle de manlju alfêst 50.000 euro út.
Doe't de ynvestearder dúdlikens frege oer de finânsjes, die bliken dat it jild net neffens ôfspraak bestege wie. De ynvestearder die dêrom oanjefte fan oplichting, fertsjustering en wytwaksjen.
Ut ûndersyk fan de plysje docht no bliken dat de Harnzer gjin oandiel hat yn 'e saak. De Assener hat in bekentenis ôflein. It plysjedossier wurdt oan it Iepenbier Ministearje oerlange.