Fleanbasis Ljouwert krijt nije kommandant

De fleanbasis Ljouwert krijt in nije kommandant. Gerbe Verhaaf nimt nei trije jier ofskied. Hy sil oan de slach by de bestjoersstêf fan it Ministearje fan Definsje yn Den Haach. Verhaaf hat yn oparbeidzjen mei Fryske bestjoerders bot striden foar it behâld fan de fleanbasis Ljouwert en no wurdt it takepakket sels útwreide.
Sa komt de F-35 (de JSF) yn 2018 nei Ljouwert en kriget dan ek de MQ-9 Reaper, in drone, in plak op Ljouwert. Verhaaf giet ein augustus fuort. Hy wurdt opfolge troch Denny Traas, earder kommandant fan it 322-squadron.