Tûzenen euro's ynsammele foar misbrûkte bern Bolivia

Terre des Hommes hat mei de winkel yn Ljouwert ferline jier 46.000 euro ophelle foar in projekt yn Bolivia. It projekt is bedoeld foar bern en jongerein dy't seksueel misbrûkt binne. It jild is byinoar brocht mei de ferkeap fan twaddehânsk guod.
Nei it projekt yn Bolivia rjochtet de Terre des Hommes-winkel him dit jier op Etiopië. De ôfrûne seis jier hat de winkel mei-inoar hast trije ton ophelle.