Jong en âld fleurich by Palmsneinoptocht yn Akkrum
Yn Akkrum wie it snein wer Palmsneinoptocht. Dat is al sûnt 83 jier tiid wenst yn it doarp. In soad Akkrumers en ald-Akkrumers dogge mei oan de optocht. Nettsjinsteande it wat mindere waar wiene jong en âld der snein fleurich ûnder. Om de tradysje yn Akkrum te behâlden en bygelyks de hûndert jier te heljen moat der de kommende jierren wol wat barre.