Tredde wrâldtitel foar Alyda Norbruis

Hurdfytster Alyda Norbruis pakte snein de wrâldtitel op it ûnderdiel scratch by it WK baanhurdfytsen foar sporters mei in beheining. Norbruis pakte de wrâldtitel mei grutte oermacht. It is de tredde wrâldtitel dit wykein foar de Oerterpse. Earder pakte se al it goud yn in nij wrâldrekôr op de 500 meter en ek wie der goud op de trije kilometer achterfolging.
Tristan Bangma fan Donkerbroek pakte mei piloat Teun Mulder snein it brûns op de sprint foar tendems. Earder al wie der sulver foar it twatal op de kilometer tiidrit.
Dêrmei komt it totaal oantal medaljes foar Nederlân út op fjouwer kear goud, trije kear sulver en ien kear brûns.