Burgumer mislediget plysjes yn Ljouwert

Plysje © ANP
In 19-jierrige Burgumer is sneontemoarn betiid troch de plysje oppakt omdat er op 'e fûst gean woe mei personiel fan in hoarekagelegenheid. Dat wie oan it Ruterskertier yn Ljouwert. It personiel hie de man út de kroech set omdat er him misdroech. Oproppen plysjes waarden troch de man misledige, ek fersette er him tsjin syn arrestaasje. Hy is meinaam nei it plysjeburo.