Fryslân jout 42 euro de ynwenner út foar kultuer

It provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân jout foar elke ynwenner 42 euro it jier út oan kultuer. Dat is it heechste bedrach fan hiel Nederlân. Advysburo Berenschot hat dat besifere. De provinsje hat de ôfrûne fjouwer jier mear jild útjûn oan kultuer as yn de jierren derfoar. Der stiet mei-inoar mear as 27 miljoen euro foar op de begrutting.
It jild wurdt ûnder oare útjûn oan it yn stân hâlden en promoatsjen fan de Fryske taal, mar ek oan keunst en media.