Diks skrast proef mei ûndergrûnske konteners yn Westeinde

De proef mei in oare wize fan ôffal opheljen yn de Ljouwerter wyk Westeinde giet net troch. Wethâlder Isabelle Diks fan miljeu dielde dat woansdei mei op in drok besochte foarljochtingsjûn oer it plan om it restôffal tenei yn te sammeljen yn ûndergrûnske konteners. In soad wykbewenners hiene beswier tsjin de ôffalproef, omdat it betsjut dat je mei je ôffal in pear hûndert meter rinne moatte om it yn in kontener te stoarten.
De bewenners diene de wethâlder de tasizzing dat se better har bêst dwaan sille om it ôffal better te skieden.
Diks fûn dy tasizzing genôch. "Het gaat mij om het resultaat. Als dat bereikt kan worden zonder ondergrondse containers, dan vind ik dat ook goed." Neffens de gegevens fan Omrin sit der yn Westeinde fierstente folle GFT-ôffal yn de grize konteners, yn guon gefallen wol sa'n tritich persint. Troch de minsken te ferplichtsjen om in eintsje mei it ôffal te rinnen, soene je de minsken stimulearje om dat net mear te dwaan, tinkt Omrin. Neffens in troch de gemeente útfierde enkête soe sa'n 55% fan de bewenners achter sa'n ôffalproef stean. De buertbewenners hiene lykwols in soad krityk op de enkête. Neffens in alternative enkête fan twa froulju út de wyk soe sa'n 90% fan de bewenners tsjin de proef wêze.