Omrop TIP: it OMF Konsertkonkoers op omroplive.nl

(argyffoto) © Sjoerd de Vries
Mar leafst 23 ferienings dogge sneon 28 maart mei oan it konsertkonkoers fan de OMF, de organisaasje fan Fryske muzykferienings. Fanwege it grutte tal dielnimmers wurdt it konkoers op twa plakken hâlden, yn De Lawei yn Drachten en yn de Rinkelbom op It Hearrenfean. Der dogge sawol brassbands, harmony-orkesten as fanfares oan mei út hiel Nederlân. Under de dielnimmers binne fjouwer orkesten út de kampioensdivyzje.
Omrop Fryslân stjoert it konkoers yn De Lawei de hiele dei live út op omroplive.nl. De útstjoering begjint om 9:30 oere en duorret oant de ein ta.