Gau dúdlikheid oft Flyers yn Dútske kompetysje komt

Oer in pear wiken wurdt dúdlik oft de UNIS Flyers takom seizoen meidocht yn de kompetysje yn Dútslân. De Feansters wolle graach mei de Tilburg Trappers de oerstek meitsje nei de Dútske kompetysje. Se ha al tasein krigen dat se ynstreame meie, mar trochdat it iishockeybûn yn Dútslân dwaande is mei in nije struktuer, moatte noch in pear lytse details bepraat wurde. Foarsitter Henk Hoekstra sil meikoarten nei Dútslân om te oerlizzen.
It bestjoer fan de UNIS Flyers praat heal april oer de takomst fan Chris Eimers. It kontrakt fan de coach rint yn april ôf. Trochdat Eimers ek bûnscoach is fan it Nederlânske iishockeyteam, kinne se pas letter mei-inoar om tafel. Fan 13 oant en mei 19 april spylje de Nederlânske iishockeyers it WK yn Eindhoven.