Busferfier op Skiermûntseach krijt heechste sifer

Arrivabus © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
It busferfier op Skiermûntseach krijt lanlik it heechste sifer yn de klantebarometer iepenbier ferfier. It ferfier op it eilân wurdt dien troch Arriva, dy krijt dêr in 8,4 foar fan de reizgers. It bedriuw skoart ek heech mei it ferfier op de oare Fryske Waadeilannen, dêr krijt it in 8,2. Dat is goed foar in twadde plak yn de barometer.
Gemiddeld krijt it ferfier mei bussen en treinen troch Arriva yn Fryslân in 7,5. Ek it busferfier yn Súdeast-Fryslân troch Qbuzz is meinaam yn de klantebarometer, dat krijt dêr in 7,6 foar.