GGD Fryslân brûkt gjin nullen mear fan fabrikant Terumo

© ANP
GGD Fryslân stoppet fuortdaliks mei it brûken fan nullen fan fabrikant Terumo. Undersyk hat bliken dien dat dizze nullen mooglik net feilich binne. Stikjes lym soene fia de nulle yn it bloed komme kinne.
De GGD riedt âlden oan om wol gewoan nei de konsultaasjeburo-ôfspraken te kommen. As der gjin oare nullen beskikber binne foar de faksinaasje fan bern, dan sil dit op in oar momint plakfine. Faksinaasjes foar fiere reizen gean gewoan troch. De GGD hat dêr noch wol genôch oare nullen foar beskikber.