Utbeteljen PGB-budzjetten giet noch hieltyd net goed

It giet noch hieltyd net goed mei it útbeteljen fan PGB-budzjetten. Yn in kwart fan de gefallen giet wat mis en wurde rekkens net op tiid betelle. Dat seit Bezinn, de belangeferiening fan mear as 80 soarchbuorkerijen yn Fryslân, Grinslân en Drinte.
Bezinn jout de klachten troch oan de Sociale Verzekeringsbank. Dy docht sûnt 2015 de administraasje fan de PGB-aktiviteiten. Der gie yn it begjin in soad mis. Steatssekretaris Van Rijn sei earder ta dat minsken harren jild op tiid krije soene.