Fries fielt him feilich, mar docht net folle oan previnsje

Ien op de trije Friezen hat it hûs nei eigen sizzen net goed befeilige tsjin ynbraak. Dat docht bliken út in enkête fan it EenVandaag Opiniepanel. Lanlik seit ien op de fiif minsken dat de befeiliging net yn oarder is. Dochs fielt in grutte mearderheid fan de Friezen him feilich yn eigen buert, mar leafst 93%.
Op in skaal fan ien oant tsien jouwe Friezen de feilichheid yn de buert in gemiddeld rapportsifer fan 7,9 en dat is heger as it gemiddelde fan alle oare provinsjes yn it lân.
Friezen dy't maatregels nimme om ynbraken tsjin te gean, dogge dat meast mei help fan bûtenferljochting, ekstra slotten of in stek.
Besjoch it folsleine ûndersyk of besjoch de sifers per provinsje.