Aksjes driigje yn lytsmetaal nei mislearjen oerlis

Der driigje aksjes yn de lytsmetaal. Wurknimmers en wurkjouwers yn de Metaal en Technyk kinne it mar net iens wurde oer de ynfolling fan de nije CAO. It fakbûn FNV hat moandeitejûn op 'e nij in gearkomste hân mei de direksjes fan bedriuwen yn dizze sektor. En op 'e nij binne de partijen der net útkaam.
De FNV giet no nei de leden om harren te freegjen wat se wolle. De kâns op aksjes is grut, sa seit bestjoerder Anne van Dijk.