Oardel jier nei grutte brân set werbou De Kelders útein

Nije wike begjint lang om let de werbou fan de Kelders yn Ljouwert, 1,5 jier nei de grutte brân dêr't in deadlik slachtoffer by foel. Op de brêge komt in bouplak, fuortgongers dy't de grêft oerstekke wolle, moatte dêrom oer in needbrêge. De strjitte wurdt ôfsletten foar ferkear en bussen moatte in oare rûte ride.
De maatregels duorje oant de bouwerij klear is en dat kin nei alle gedachten noch wol oant oktober duorje. Undernimmers op de Kelders ferwachtsje dat se minder klanten oer de flier krije, omdat se aanst minder goed berikber binne.