Kemkers komt net werom as coach yn it reedriden

Gerard Kemkers © ANP
Gerard Kemkers komt net werom as coach yn it reedriden. Dat hat er skreaun op de webside fan fuotbalklup FC Grins, dêr't hy no wurket. De eardere coach fan Sven Kramer en Ireen Wüst wie frege om wer oan de slach te gean mei ûnder oaren Wüst.
Mar neffens Kemkers is hy begûn oan in moaie útdaging by Grins en wol hy dat ek ôfmeitsje. Hy is sûnt desimber oan it wurk by it topsportsoarchsintrum dat de klup iepenje wol.