Nij sweeftastel foar Friese AeroClub as opliedingstastel

De Friese AeroClub hat in nij sweeftastel. It is sneontemiddei doopt troch de Ljouwerter wethâlder Andries Ekhart op de fleanbasis Ljouwert. It tastel is sa goed as nij.
It is aerodynamysker en sweeft folle fierder as it âlde opliedingstastel. De klup wol it brûke foar opliedings en ek om wedstriden mei te fleanen. De oanskaf wie net om 'e nocht. It giet om in ynvestearring fan goed 120.000 euro.