Brân yn wenbuorkerij De Gordyk

By in fûle útslaande brân sneontemoarn oan de Stasjonswei op De Gordyk is in grut part fan in buorkerij ferlern gean. De twa bewenners ûntdutsen de brân om in oere as fiif. Se ha noch besocht it fjoer te blussen. Ien fan har rekke dêrby lichtferwûne troch it ynazemjen fan reek.
De persoan is oerbrocht nei it sikehûs foar kontrôle. Om't de pleats foar in part in reiden tek hat wie it foar de brânwacht dreech te blussen. Om de pleats hinne wie te min wetter. De brânwacht hat ekstra materiaal ynset om wetter út in sleat fierderop te pompen.