Margreet De Graaf nije direkteur fan GGD Fryslân

Margreet de Graaf, direkteur fan de GGD © Omrop Fryslân
Direkteur Margreet de Graaf fan de feriening Zorgbelang Fryslân wurdt de nije direkteur Publieke Gezondheid fan de Feilichheidsregio Fryslân. Se wurdt dêrmei it gesicht fan de GGD. Dat is ûnderdiel fan de Feilichheidsregio.
De Graaf wie sûnt 2008 direkteur fan Zorgbelang, de belange-organisaasje foar minsken dy't oanwiisd binne op soarch, yn hokker foarm dan ek.