Tûmba krijt folle mear meldings fan diskriminaasje

In soad Friezen fine dat de grinzen fan mislediging en diskriminaasje berikt binne. Dat docht bliken út de Monitor Diskriminaasje 2014, dy't anty-diskriminaasjeburo Tûmba tongersdei presintearre hat. Tûmba krige yn 2014 mear as 400 meldings binnen, yn 2013 wiene it noch gjin 300.
Der kamen in soad klachten binnen nei oanlieding fan útspraken troch PVV-lieder Geert Wilders. Wat fierder opfalt is dat it oantal meldings oer antysemitisme tanaam. It giet dan benammen om bekladdings mei heakkekrusen en it útskellen fan minsken.