CDA giet PvdA en VVD yn Weststellingwerf foarby

Gemeente Weststellingwerf
It CDA wie de tredde partij fan Weststellingwerf, mar is no de grutste. De PvdA, foarhinne de grutste, gie achterút fan 24 nei 15,4% en de VVD fan 19 nei 18%. It CDA gie 3,3% foarút en is no mei 18,3% de grutste.
Oare winners yn Weststellingwerf wiene de SP (fan 9 nei 12,3%), D66 (fan 3 nei 6,2%), de ChristenUnie (fan 2 nei 3,4%), de FNP (fan 2 nei 3,5%) en de Partij voor de Dieren (fan 0 nei 3%). GrienLinks buorke ek hjir wat achterút: fan 5 nei 4,5%.