Stichting Winamer Belang wol skeafergoeding foar sâltwinning

Stichting Winamer Belang hat tiisdeitemiddei op it provinsjehûs yn Ljouwert in petysje oanbean oan de listlûkers fan de partijen yn de Provinsjale Steaten. De bewenners fregen ûnder oaren mei protestbuorden omtinken foar de sakjende grûn as gefolch fan sâltwinning yn it gebiet.
Neffens Stichting Winamer Belang is de grûn al 35 sintimeter sakke en moat der skeafergoeding komme, lykas yn oare gemeenten dêr't dit it gefal is.
Der is skea oan de tsjerke yn it doarp en ek oan ferskate huzen. De stichting bea de petysje oan op de foarjûn fan it provinsjale steatedebat, yn de hoop dat de Fryske polityk dit ek lanlik op de aginda sette wol.