De JSF komt der, mar Lutz Jacobi stimt tsjin

Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA hat tiisdei definityf tsjin it keapjen fan acht JSF-tastellen stimd. Dêrmei giet se tsjin de partijlijn yn. De oare fraksjeleden stimden nammentlik foar, lykas CDA en VVD. Mei stipe fan ChristenUnie en SGP is dêrmei in mearderheid fan de Twadde Keamer foar de komst fan de JSF as ferfanger fan de F-16.
Jacobi seit dat it 'ynkonsekwint' wêze soe as se no ynienen foar stimme soe. Lûdsmjittings hawwe sjen litten dat de lûdsoerlêst tige heech wêze sil, seit Jacobi.