Ferheging Iselmardyk by De Lemmer begjint yn april

It wetterskip Fryslân set op 17 april útein mei it ferheegjen fan de Iselmardyk oan de westkant fan De Lemmer. Fiif kilometer dyk sil oanpakt wurde. Dit wurdt dien om't de wetterkearings net mear foldogge oan de easken fan it lanlike heechwetter-beskermingsprogramma. De dyk wurdt rûchwei fiif meter ferhege. Foar de wurksumheden moat in soad materiaal oanfierd wurde. Der wurdt simmerdeis trochwurke en dat sille ek toeristen fernimme.
Spesjaal foar fytsers wurdt in needfytspaad oanlein.